David Pendleton Oakerhater | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | David Pendleton Oakerhater | |
oare namme | Okehate ("Sinnedûnser") | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | ±1847 | |
berteplak | Yndiaansk Territoarium | |
stoarn | 31 augustus 1931 | |
stjerplak | Watonga (Oklahoma) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
berop/amt | predikant | |
aktyf as | sindeling, keunstner, kriger | |
jierren aktyf | ±1861 – 1931 | |
reden bekendheid |
ferneamd keunstner en sindeling, nei syn dea hillich ferklearre |
David Pendleton Oakerhater (Sjajinske namme: Okehate ("Sinnedûnser"); Yndiaansk Territoarium, ±1847 – Watonga (Oklahoma), 31 augustus 1931) wie in Yndiaansk kriger fan 'e stamme fan 'e Súdlike Sjajinnen, dy't yn 'e Oarloch fan de Reade Rivier tsjin 'e Feriene Steaten focht. Hy waard neitiid as kriichsfinzene yn Floarida fêstholden, dêr't er aktyf wie as tekener en him ûntjoech ta ien fan 'e grûnlizzers fan 'e moderne Yndiaanske keunst. Letter learde er foar predikant en wurke er as episkopaalsk sindeling ûnder de Yndianen yn Oklahoma. Yn 1985 waard Oakerhater de earste Yndiaan dy't troch de Episkopaalske Tsjerke yn de Feriene Steaten fan Amearika hillich ferklearre waard.